Donald Trump set bouwer fan F-35 ûnder druk

23 des 2016 - 22:16

De nije presidint fan de Feriene Steaten Donald Trump lit sa'n bytsje alle dagen wol fan him hearre. Meastentiids fia syn Twitterakkount. Freed sette hy sa fleantúchbouwer Lockheed Martin ûnder druk. Dat is de produsint fan de F-35. Just, dat tastel dat Nederlân ek keapje wol en nei de fleanbasis yn Ljouwert komt. Trump fynt it te djoer en ek dat de kosten út de klauwen rûn binne.

Troch Hayo Bootsma

En dus twittere Trump dit: 

Hy wol dus dat de konkurrint fan Lockheed Martin, Boeing, besjocht oft se in oanbieding dwaan kinne foar in fergelykbere F-18 Super Hornet.

Wat wurdt de priis? 

Der is allinnich ien grut en belangryk ferskil tusken beide tastellen: De F-18 is fan de saneamde fjirde generaasje, de F-35 fan de fyfde. Dat sit him benammen yn de technyk. De F-35 is ûnsichtber foar de radar en mei alle sensoaren hat de piloat in goed oersjoch oer wat der om him of har hinne allegear bart. De F-18 hat dat net mar is dan ek in stik goedkeaper. It skeelt al gau in 20 miljoen dollar it tastel, of mear. Want wat de priis wurdt fan in F-35 is noch net dúdlik. De diskusje dy't Trump no fiert hat ek konsekwinsjes foar Nederlân. Us lân wol der 37 keapje. Dêr is in bedrach foar reservearre. Mocht it sa fier komme dat de Amerikanen der minder bestelle dan giet de kostpriis omheech. Nederlân kin der dan minder keapje.

Air Force One

Wat Trump no liket te dwaan is itselde as wat hy earder die by Boeing. Hy klage, ek fia Twitter, oer de hege kostpriis foar de nije Air Force One. Mei dat tastel, in Boeing 747, ferpleatst de presidint him. Trump fûn de 4 miljard dollar dy't der foar stiet fierstente folle. Boeing liet fan 'e wike witte dat it net sa djoer wurdt. Punt foar Trump soene je sizze. Analisten lieten lykwols earder al witte dat se gjin flau benul hiene wêr't Trump dat bedrach wei hie.

Goedkeaper

De kâns is grut dat Lockheed Martin ynkoarten ek mei sa'n selde meidieling komt. Dat se de kosten yn de hân ha en dat se der alles oan dogge om it just goedkeaper te meitsjen. Wer in punt foar Trump? Nee. Want ek dit hat it bedriuw earder al ferklearre. En ek it Pentagon, it Amerikaanske ministearje fan Definsje. Us eigen minister fan Definsje Jeanine Hennis tinkt ek dat it projekt net samar skrast wurdt: "Hij moet zich nog inlezen, denk ik", sei se. En: "Ik heb geen zorgen over de F-35. Daarvoor is het programma al veel en veel te ver, ook in de ontwikkeling."

Foarsprong

Stel dat Trump trochset en ôfsjocht fan de F-35 dan hat dat grutte konsekwinsjes foar Nederlân. Want hja sil hjir ta de bûse moatte. Mar ek foar de loftmachten dy't der mei fleane wolle. De piloaten bin allegear djip ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan it tastel. It jout se in grutte foarsprong op lannen lykas Sina en Ruslân. Ek dy lannen wurkje oan fyfde generaasje tastellen. Trump sil dus net gau ôfsjen fan de oanskaf fan dit soarte fan tastellen. Hy kin gewoanwei net sûnder. Seker net no't de spanningen mei Sina oprinne. Foar Nederlân is it ôfwachtsjen wat der bart. Al kin ik my yntinke dat de omwenners fan de fleanbasis net rouwich bin om it nijs. As Nederlân der minder keapje kin, dan betsjut dat ek minder leven en oerlêst.

(advertinsje)
(advertinsje)