Welmoed Sijtsma presintearret jieroersjoch Jeugdjournaal

23 des 2016 - 21:48

It jier rint nei de ein en dan is it tradysje dat je werom sjogge. Net allinne by Omrop Fryslân, mar ek by de oare media. It Jeugdjournaal fan de NOS stjoert sneon it jieroersjoch út en dat wurdt presintearre troch Welmoed Sijtsma fan Ljouwert.

"It wie in bêste klus", seit Welmoed oer de gearstalling fan it jieroersjoch. "We ha mei syn allen oan it puzeljen west fan wat dogge we wol en wat net."

Oanslaggen, Pokémon en Trump

"It grutste blok bestiet út de oanslaggen fan it ôfrûne jier. Fierder sjogge we werom op de Pokémon-hype. En fansels is der omtinken foar de Amerikaanske ferkiezingen en Donald Trump", fertelt de presintatrise.

Jeugdjournaaltopper

Boppedat is der in Jeugdjournaaltopper fan 2016. "It is in groepke fan fiif, ik ha se dizze wike opsocht yn Rotterdam. Se dogge wat mei muzyk en ha in hiel suksesfol jier hân, mar fierders kin ik der neat oer sizze."

Utdaging

Foar Welmoed sels wie 2016 in goed jier. "It hiele jier haw ik by it Jeugdjournaal wurke, allegear moaie dingen dien en moaie reportaazjes makke en in hiel soad leard. It is in moaie útdaging it nijs oan bern út te lizzen, dat se dochs witte wat der bart yn de wrâld."

It Jeugdjournaal jieroersjoch is sneon om 18:45 oere te sjen op Zapp.

(advertinsje)
(advertinsje)