Europa jout Fryslân subsydzje foar werbrûken fan ôffal

23 des 2016 - 21:04
Offal - Foto: Omrop Fryslân

It provinsjale projekt om ôffal op 'e nij te brûken, de saneamde sirkulêre ekonomy, hat in grutte Europeeske subsydzje krigen. It giet om in bedrach fan goed 1,2 miljoen euro. It grutste part fan it jild giet nei de Vereniging Circulair Fryslân. It wurdt brûkt om projekten te beteljen dy't fernijend binne as it om it werbrûken fan ôffal giet.

In oar part giet nei de ûntwikkeling fan de wettertechnology yn Fryslân. It is de bedoeling dat dy sirkulêre ekonomy op syn tiid ekstra banen opsmyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)