Snakeware draait rekôromset fan goed twa miljoen euro

It buro foar digitale media Snakeware yn Snits hat foar it earst yn de skiednis fan it bedriuw in omset draaid fan mear as twa miljoen euro. De omset groeide yn 2016 mei 13 persint. Snakeware krige ek de beskikking oer de Microsoft Hololens. Dat is in lins dy't it mooglik makket goed mei hologrammen te wurkjen.
De ferwachtingen foar kommend jier binne heech. It bedriuw sjocht de fraach allinnich mar tanimmen.