Ljouwert set mikrofoans en plysjes yn fjoerwurkfrije sônes

23 des 2016 - 20:32

De gemeente Ljouwert hinget by de fjoerwurkfrije sônes yn de stêd wer deteksjemikrofoans op. Mei help fan dy mikrofoans moatte minsken oanpakt wurde dy't te betiid fjoerwurk ôfstekke. Ferline jier hongen se der ek al.

De mikrofoans wurken goed mar hellen kwealik wat út. Om ien straffe te kinnen moat je se op 'e die trappearje en dat slagge hast net. Crone set dêrom dit jier ekstra plysje yn op de plakken dêr't de mikrofoans hingje.

Hege ferwachtingen hat Crone der noch net fan, mar hy hopet al dat it minsken ôfskrikt om op dy plakken fjoerwurk ôf te stekken. Yn Ljouwert mei gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde by fersoargingstehuzen. It giet om fjouwer lokaasjes yn de stêd: De Hofwijck, Het Nieuwe Hoek, Greunshiem en Erasmushiem

(Advertinsje)
(Advertinsje)