Betize man springt yn wetter

22 maaie 2012 - 18:47

De plysje hat tiisdeitejûn de hannen fol hân oan in Ljouwerter (33) dy't by de Vrouwenpoortsbrêge yn it wetter swom. De man waard oanhâlden, omdat er op strjitte oare minsken lestich foel. Doe't de plysje by him kaam sprong er yn it wetter. Mei in boat hat de plysje dwaande west om him oan board te krijen. Dat hat in pear oeren duorre.

De man rôp en raasde en makke in betize yndruk. Der stiene in soad minsken oan de kant te sjen nei it barren. De plysje wie mei mear as 30 minsken útrukt. Dy kamen by de iepening fan it nije provinsjehûs wei.

De plysje sil de man op in letter momint nochris op syn gedrach oansprekke.

Trefwurden: 
plysje wetter betize man
(Advertinsje)
(Advertinsje)