De Friesland jout as bêste ynformaasje oan klanten

23 des 2016 - 17:46
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Soarchfersekerder De Friesland skoart it bêste fan alle soarchfersekerders op it jaan fan goeie ynformaasje oan klanten. De Nederlandse Zorgautoriteit hat dêr ûndersyk nei dien. Meiwurkers bellen mei it klantkontaktsintrum fan fersekerders mei alderhande fragen. De minsken fan De Friesland joegen allinne mar goeie antwurden.

De Fryske soarchfersekerder helle as iennichste in skoare fan 100 persint. De Friesland seit dat der in soad tiid en muoite stutsen wurdt yn it oplieden fan it personiel fan it klantkontaktsintrum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)