Man ferwûne nei kop-sturtbotsing by Tsienzerbuorren

23 des 2016 - 17:38
Ferkear op de N354 by Tsienzerbuorren dêr't de lêste tiid ûngelokken bard binne - Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

By in kop-sturtbotsing freedtemoarn op de N354 by Tsienzerbuorren is in man út Ljouwert ferwûne rekke. Hy siet yn in auto dy't ynhâlde moast, omdat de auto foar him stilstean bleau en in hiem opride woe. In auto dy't achter dy fan it slachtoffer ried, seach dat te let en knalde dêr boppe op. It slachtoffer is mei nekklachten nei it sikehûs brocht.

By Tsienzerbuorren gebeure geregeld ûngelokken. De provinsje hat der koartlyn maatregels naam om de dyk feiliger te meitsjen.

Trefwurden: 
ûngelok Tsienzerbuorren
(Advertinsje)
(Advertinsje)