Brok offisjeel foardroegen as nije kommissaris fan Fryslân

De ministerried hat boargemaster Arno Brok fan Dordrecht offisjeel foardroegen as nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Syn beneaming giet yn op 1 maart. Brok sels sei freed dat de kâns om hjir kommissaris fan de Kening te wurden mar ien kear yn je libben foarbykomt.
Brok woe privee al graach werom nei Fryslân en kin dat no ek profesjoneel. Syn nije baan is gjin einstasjon foar him. "Ik bin 48 jier en ferbyn my foar in moaie perioade oan de funksje", seit er.
De nije kommissaris hat noch net besletten wêr't er wenje sil. "It kin Ljouwert wêze, mar ek Snits of ien fan de boeiende doarpen yn Fryslân."