Trije moanne sel foar bedriging mei fjoerwapen

23 des 2016 - 16:25
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In man út De Gordyk hat goed trije moanne sel oplein krigen om't er yn septimber op in tintefeest yn Terwispel ien mei in fjoerwapen bedrige hat. Mar omdat er in skoft yn foararrest sitten hat, kaam er fuort op frije fuotten. Hy moat him wol melde bij de reklassearring en hy moat him behannelje litten om't er gau agressyf wurdt.

De Gordykster sette op it feest ien de revolver op de holle. Twa minsken koene him it wapen ôfpakke, sadat de man oanhâlden wurde koe.

Trefwurden: 
selstraf De Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)