Fiif tips foar ynbrekfrije krystdagen

De donkere desimberdagen stean foar in soad minsken yn it teken fan de krysttiid en gesellichheid. De lêste wiken fan it jier binne der lykwols ek mear ynbraken. Yn de ôfrûne twa wiken seach de plysje in grutte stiging fan it tal ynbraken yn Fryslân. En dan moatte de krystdagen noch begjinne.
Jan Mulder fan de plysje Noord-Nederland docht yn dizze tiid in soad oan ynbraakprevinsje. Mulder is inisjatyfnimmer fan de previnsjefrachtwein en rydt mei dizze truck de provinsje troch om sjen te litten hoe't wy ús better wapenje kinne tsjin ynbrekkers. Dat begjint neffens Mulder by ússels. Hjirby fiif tips om it ynbrekkers dreger te meitsjen.
1. Set ynbrekkers yn it ljocht
Doch de ferljochting yn hûs foaral net út ast de doar út giest.
2. Lit it hûs achter as oft it bewenne is
Set in kopje kofje en in krante op tafel, dan liket it as bist thús.
3. Doch altyd de doar op it slot
Ek ast om boadskippen giest. Dus net op it nachtslot, mar it 'efkes-net-thús-slot'.
4. Gewoanten oernimme
Freegje de buorlju om dyn gewoanten oer te nimmen, sa as it iepen en ticht dwaan fan de gerdinen.
5. Bûtenferljochting baarne litte
Ynbrekkers ha in hekel oan ljocht en as it rûnom it hûs al oangiet, bliuwe se mei in bytsje gelok fier by dyn hûs wei.
Op nei ynbrekfrije krystdagen!