Mûs hâldt Fryske boeren wer yn 'e besnijing

It mûzemeldpunt fan LTO-Noord is wer iepene. Der binne noch gjin oanwizingen foar in nije mûzepleach, mar guon boeren sjogge der no dochs mear as ferline jier.
Dat bart foaral yn de omkriten fan Koufurderrige dêr't it de foarige kear ek begûn. LTO-Noord bestjoerder Peet Sterkenburgh hopet op in soad rein of wintersk waar, want as it sa bliuwt kin it wer misgean.
Boeren kinne neffens him no al maatregels nimme om it bygelyks rôffûgels makliker te meitsjen mûzen te finen. Ek binne der al boeren dy't al stikjes lân ûnder wetter sette. Sterkenburgh ropt boeren foaral op om wach te wêzen op mûze-aktiviteiten.