Motorrider slim ferwûne nei botsing by Mullum

By it ûngelok rekke in persoan ferwûne © GinoPress B.V.
By in botsing op de Harnzerstrjitwei yn Mullum is in man swierferwûne rekke. Hy kaam mei syn motor yn botsing mei in auto. Dat barde by de ôfslach nei it Skieppedykje. Twa ambulânses kamen nei it plak fan it ûngelok. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
De dyk is yn ferbân mei it ûndersyk ôfsletten foar it ferkear.