Weromsjen op 2016: Marian har sollisitaasjebrief gie firaal

27 des 2016 - 05:52

Wy binne hast oan ‘e ein fan 2016. Dêrom sjogge wy de kommende dagen werom op it jier mei minsken dy’t wat bysûnders meimakke ha en sa yn it nijs kamen. De ien troch in dramatyske gebeurtenis, de oar troch in opfallende aksje. Lykas it ferhaal fan Marian Baarda fan Grou. Har sollisitaasjebrief gie it hiele ynternet oer.

Doe't Marian Baarda fan Grou yn septimber fan dit jier lêst fan de rêch hie, stjoerde de dokter har nei in fysioterapeut. Se belle de fysioterapeut, mar krige oant twa kear ta it antwurdapparaat. Se skreau him in brief, in sollisitaasjebrief, want neffens har wie dúdlik dat hy wol in resepsjoniste brûke koe. In orizjinele, iepen sollisitaasjebrief om oan te jaan dat se stomme graach oan it wurk wol.

U heeft mij nodig

"Nadat ik bij u twee keer het antwoordapparaat ervoor kreeg dacht ik 'U heeft mij nodig!, iemand die afspraken voor u maakt en de telefoon aanneemt. Ik kan u koffie brengen, facturen verzorgen, post verzorgen enz. Ik ben de last die van uw schouders valt, uw rots in de branding". Se fûn it sels in 'grappige' aksje en pleatste it brief ek op facebook en twitter. Har brief waard 500 kear dield op Twitter en op Facebook gong har berjocht ek firaal. De parse sprong derop: it AD, it RTL nieuws, Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante namen kontakt op. De fysioterapeut belle har de moandei derop. Hy koe har aksje wol wurdearje. "Hy hie foaral de balen derfan dat myn telefoantsje der tuskentroch glipt wie en helaas, hy hie gjin baan foar my."

Har aksje levere har ek in pear reaksjes fan bedriuwen op. Sa hat se efkes by in teäterproduksjebedriuw oan de gong west, mar omdat der te min wurk foar har wie, is dat op neat útrûn. Marian: "Wa wit wurdt 2017 myn jier."

Harkje ek nei de reportaazje oer Rommie Bouma yn Buro de Vries op earste krystdei. Buro de Vries is alle sneinen te hearren by Omrop Fryslân op de radio tusken 11.00 en 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)