Politike stipe foar weromkear misthoarn Harns

23 des 2016 - 14:53

De aksje foar de weromkear fan de misthoarn yn Harns krijt politike stipe. It Harlinger Belang fynt dat it ûnderwerp op 'e nij op 'e riedsaginda moat. De partij harket nei it sentimint ûnder de Harnzer befolking. Der is in Facebookaksje mei mear as 2.000 freonen dy't wolle dat de misthoarn weromkomt. Organisaasjes lykas de Vereniging Oud Harlingen en de brune sylfloat slute harren dêrby oan.

Lûdsoerlêst

Earder tsjinne it lûd fan de misthoarn as beaken foar de skipfeart. Troch modernere navigaasjemetoaden is de misthoarn net mear nedich, seit Rykswettersteat. Omdat der klachten wiene oer lûdsoerlêst, is yn juny 2015 de misthoarn op de Suderpier fuorthelle.

It is dus net sa dat alle Harnzers de misthoarn wer werom wolle. Op Youtube is freed in filmke pleatst mei bylden fan de Harnzer haven mei it lûd fan de misthoarn, en dat filmke duorret 8 oeren lang. 'Voor alle fans!' sa skriuwt de makker.

Trefwurden: 
Misthoarn Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)