Jonge (16) mei auto yn greppel

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út Rie is freedtenacht mei in liende auto op de Meester Frankstrjitte yn Peins in greppel ynriden. De jonge en syn 17-jierrige broer rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht. Fan de bestjoerder is ek in bloedproef ôfnommen, om't de plysje tocht dat er drank op hie.
Foar it riden sûnder rydbewiis krige hy in bekeuring. As bliken docht dat er dronken hie, krijt er dêr ek noch in bekeuring foar.