"Fúzjeplannen lokale omroppen binne net helber"

23 des 2016 - 13:57

Seis lokale omroppen stean der no yntekene op in kaartsje fan ús provinsje dat publisearre is troch de NLPO. Dizze koepelorganisaasje fan de lokale omroppen giet der dêrby fanút dat in oantal besteande omroppen gearwurkje sille of fusearje sille.

Mar dizze fúzje is net in goed idee, sa fynt Siebren Hoekstra, foarsitter fan Radio Spannenburg yn de gemeente De Fryske Marren. "As it oan ús leit binne de plannen net helber en as it oan de gemeente leit ek net." It kultuerferskil tusken de lokale omroppen is neffens Hoekstra te grut.

Plan NLPO

It plan fan de NLPO is dat der ien omrop De Friese Wouden komme moat yn súdeast Fryslân. Harns en de nije gemeente Waadhoeke soene ek troch ien omrop betsjinne wurde moatte. Ljouwert en noardeast Fryslân hawwe elts al in lokale omrop.

As der ea in lokale omrop komme moat op de Waadeilannen, dan is dat direkt foar álle Waadeilannen. Ek soe der in gearwurking komme moatte tusken Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)