Dochs oefenromte bands Snits

Der komt dochs in oefenromte foar bands yn Snits. De oefenromte komt yn de âld moskee oan de Oude Koemarkt yn it sintrum. It gebou is no fan de gemeente en wurdt dêrfoar ferkocht. Dat hat wethâlder Wiggele Sinnema fan Súdwest-Fryslân tiisdei bekend makke.
Der soe eins in popbunker komme yn de eardere Geeuwbrêge, mar dat gong net troch omdat dat plak nei ferrin fan tiid hiel min te berikken wêze soe. De muzikanten sille as frijwilligers meihelpe it gebou te ferbouwen. Benammen in goede isolaasje is wichtich.
Timpaan is ferantwurdlik dêrfoar en tekenet ek foar de eksploitaasje. Der lei 350.000 euro klear foar it realisearjen fan de oefenromte. Op syn gaust kin der op 1 oktober yn spile wurde.