"Ze willen ons liever dood hebben, dat is goeiekoper..."
"Als ouderen worden wij helemaal in de hoek geschoven. Ze willen ons eigenlijk liever dood hebben, dat is goeiekoper...", dat wie in wol hiel tryste reaksje op de Ljouwerter freedsmerk. Mei keaplju en besikers waard werom sjoen op 2016 en dat smiet in grut ferskaat oan reaksjes op. "In geweldich jier, ik ha in grutte priis wûn en bin wer beppe wurden", fertelde de ien wylst in oar fertriet hie "omdat we ons hondje hebben moeten laten inslapen."
Wer oaren fûnen 2016 "beangstigjend mei al dy asylsikers en oanslaggen en sa. Soks kin hjir ek barre!" En: "Frede op aarde, dat hoeve we niet meer te zingen dit jaar."
Fierder fertelde immen dat er altyd sa bliid wurdt op de freedsmerk "mei al dy moaie minsken en sa, ik krij der gewoan 'kippenvel' fan!"