Man rydt op folle snelheid tsjin benzinepomp yn Snits

In automobilist is tongersdeitenacht om healwei trijen hinne tsjin in tankstasjon botst oan de Boalserterwei yn Snits. Neffens de eigener fan it tankstasjon is de auto mei folle snelheid op de pomp riden en is it pompeilân folslein fernield.
De plysje en de brânwacht wiene gau te plak wêrtroch der fierder gjin ûngelokken gebeurd binne. De bestjoerder fan de auto is oanholden.
Meiwurkers fan it tankstasjon binne drok dwaande om de oare pompen wer iepen te krijen. Der moat earst in soad skom dat troch de brânwacht spuite is, opromme wurde. De ferwachting is dat it tankstasjon freedtemiddei wer iepen is.