FIDEO: Lûk docht de klean út en komt op foar de bisten

23 des 2016 - 12:15

Hy komt op foar bisten dy't mishannele wurde, pine lije en deagean. Yn it ferline die hy dat yn in string, tsjintwurdich hâldt er syn broek oan: diere-aktivist Peter Janssen út Stiens, ek wol bekend as de Vegan Streaker. Foar it programma Lûk gie Johanna Brinkman mei Peter op ‘en paad mei in pear fan syn aksjes. It brocht harren by in kninefokker en de romrofte bollefochterij yn Spanje. Tink derom: de bylden yn dizze reportaazje kinne skokkend wêze.

Lûk krûpt ûnder de hûd fan minsken dy't oars binne. De sjogger wurdt meinommen yn de rauwe wrâld dy't it gewoane foarby giet. De reportaazjes binne dêrom in bytsje frjemd, mar wol lekker en foaral sûnder taboe. Sjoch foar mear Lûk op de Lûk-side.

(Advertinsje)
(Advertinsje)