Hurdriders op de bon slingere en rydbewizen yn beslach naam

23 des 2016 - 08:57
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdei by it ferkearsplein by De Jouwer op 'e nij boeten útdield oan bestjoerders dy't te hurd rieden. Fanwege de ûngelokken de ôfrûne wiken hat Rykswettersteat de maksimumsnelheid nei ûnderen brocht. Op it stik fan de A7 dêr't 70 it maksimum is, ried in 46-jierrige Snitser goed 140 kilometer yn de oere. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Dat jildt ek foar trije oare automobilisten.

In 31-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean ried hast 130, in man fan 33 jier út Swolle hie 128 kilometer yn de oere op de teller en in 31-jierrige ynwenner fan de gemeente Tynaarlo ried 124 kilometer. De plysje hat ek op de A6 boeten útdield foar te hurd riden.

Trefwurden: 
boete hurdriders De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)