Kollum: "Krystgedachte"

23 des 2016 - 08:23

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

"Wy hawwe in soad om tankber foar te wêzen. We libje yn in hiele moaie provinsje, de measte minsken binne leuk, sosjaal en begien mei elkoar. Der is romte genôch, iten, wetter, goede huzen en gjin oarloch. Op guon plakken yn ‘e wrâld giet it der wol oars oan ta. Geweld, bombardeminten, oanslagen, deaden en in soad ellinde binne dan oan ‘e oarder fan ‘e dei. Elkoar net fertrouwe kinne , dakleas, kjeld, honger en pine meitsje it libben ûndraachlik en swier.

Faak wurde der aksjes op tou setten om oaren te helpen. Meastentiids bestiet de help dan út it jaan fan jild mar mei de negative publisiteit oer guon ynstânsjes en sjoen wat de hearen direkteuren dêr fertsjinje, fertrou ik lang net alles mear. Ik sis dan ek wol gauris ‘nee’, as se freegje om jild. Ik bin dêr in stik kritysker yn wurden.

Ik besykje op myn eigen manier myn bêst te dwaan. Sa bin ik hiel begien mei bisten. Dêrom hawwe wy opfang hunen en –katten en ha ik jierren mei de kollektebus fan de bistebeskerming rûn. Eartiids hawwe wy it der wol oer hân om pleechâlders te wurden want de omstannichheden dêr’t guon bern yn sitte, begruttet je ek ta de teannen út. Mar mei ús eigen bern en gjin sliepkeamer mear oer is dêr neat fan telâne kommen. We stypje noch wol ferskate goede doelen en ik tekenje faak in petysje.

Je jouwe jild en in oar docht dêr wat mei. It is in manier mar hiel konkreet is it net. Dochs hat ús werf, yn gearwurking mei oare ûndernimmers, der fan’t jier al hiel konkreet foar soarge dat in ferskuorde húshâlding wer byinoar brocht is nei in jier as trije. Yn ferbân mei in nij wurkgelegenheidsprojekt hie de gemeente in flechteling op it skûtsje ‘Doarp Grou’ setten. Dat skip wurdt restaurearre en dizze man wenne hjir al in pear jier mar syn frou en trije bern sieten noch yn in flechtlingekamp yn Afrika. Se bellen út en troch wol mei elkoar mar de frou hie malaria en wie slim siik. It wie net de earste kear en hy siet freeslik oer syn bern yn want se wiene noch mar sa jong. Doe hat Jelle der mei ferskate wurknimmers foar soarge dat syn frou en bern hjir fan’t simmer kommen binne.

Flechtlingen… je hearre der alle dagen wol wat oer mar faak stiet it dochs noch fier fan je ôf. Dizze man krige in gesicht. Hy die syn bêst, wie aardich, hie in yndrukwekkend ferhaal en in hiele protte soargen. It hat wol de nedige muoite, tiid en geduld koste mar it is slagge! De fleantickets binne betelle troch de werf en oare ûndernimmers. De boekhâlder hat de famylje ophelle fan Skiphol wylst de projektlieder foar luchtbêden soarge en ik troch de winkel fleach om bêdeguod. Se hawwe in pear dagen yn it lytse húske fan de heit wenne en doe’t de famylje oergien wie nei it AZC yn Drachten, hawwe wy dêr op besite west.

De mem wie stil en ferlegen mar de bern wiene fleurich en laken strieljend. Ien fan de famkes koe al fytse en it lytse jonkje hie noch nea blanke minsken sjoen, útsein de paspoppen dy’t se yn Afrika wol yn ‘e winkels hiene. Hy fûn it mar nuver dat dy poppen ek fytse en rinne koene. Sûnt in pear wiken wenje se yn har eigen hûs en kinne se nei al dy jierren lang om let wer in gesinslibben mei elkoar opbouwe.
As je it dan oer in krystgedachte hawwe, dan fyn ik dit wol in hiele moaie. Noflike krystdagen!"

Trefwurden: 
Kollum Hilda Talsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)