Skoalbern helje goed 14.000 euro op foar goede doel

Learlingen fan it Drachtster Lyseum ha 14.496,69 euro ophelle foar it goede doel. Mear as 600 bern ha de nacht op skoalle trochbrocht en mochten hast 24 oeren net ite. Sa woene se jild ophelje foar bern dy't dea gean oan de gefolgen fan longûntstekking. Oer de hiele wrâld is dit de grutste deadsoarsaak fan bern ûnder de fiif jier, en dat wylst it ienfâldich te behanneljen is.
Radiostasjon 3FM fiert al de hiele wike aksje foar dit doel, en de bern op it Drachtster Lyseum slute har dêrby oan.