Hektometerpealtsjes op Heak: Net hurder as 100

22 des 2016 - 20:24
De Heak om Ljouwert - Foto: Google Street View

Rykswettersteat hat oan de Heak om Ljouwert hektometerpealtsjes delset mei dêrop hoe hurd oft der maksimaal riden wurde mei. De dyk is ûnderdiel fan de N31 dêr't 100 kilometer yn 'e oere de limyt is. Sûnt de simmermoannen stienen op de oare parten fan de dyk al wol pealtsjes mei 100 km. Rykswettersteat hopet mei de warskôgings wat te dwaan tsjin it tal minsken dat te hurd oer de dyk jakkeret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)