Aegon posityf oer de takomst by ferhuzing nei oar gebou

22 des 2016 - 19:33

De takomst fan de finansjele sektor yn Fryslân sjocht der goed út. Dat die tongersdei bliken by de iepening fan it nije ûnderkommen fan Aegon, yn it eardere FBTO-gebou. Ljouwert is in strategyske haadfêstiging foar bedriuwen yn de finansjele sektor. In bedriuw as Aegon hat ek noch woartels yn Ljouwert.  

Aegon ferwachtet der yn de takomst ekstra taken en dêrmei wurkgelegenheid op guon ôfdielingen by komme. En yn Fryslân binne goede wurknimmers te finen, wylst yn de Rânestêd dreech oan goede fakminsken te kommen is.

Trefwurden: 
Aegon ferhuzing
(Advertinsje)
(Advertinsje)