Toerisme nei bûtendyks gebiet

22 okt 2011 - 12:25

It bûtendyksgebiet moat better brûkt wurde as ekonomyske boarne. Dat fynt wethâlder Talsma fan Ferwerderadiel. Oer de hiele kust fan Denemarken oant België sjoen, falt op dat de Fryske waadseekust achterbliuwt as it giet om ekonomyske inisjativen as rekreaasje.

Undernimmers Gerben Visbeek fiert dit wykein it 10-jierrich bestean fan syn rekreaasjepark De Seedykstertoer by Marrum. Neffens him binne der kânsen foar it gebiet. Toeristen witte it wol te finen.

(advertinsje)