Fakkeloptocht troch Ljouwert foar better ûnderwiis Frysk

22 des 2016 - 21:13

Sawat trijehûndert aksjefierders hawwe tongersdeitejûn yn Ljouwert demonstrearre foar ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk. De organisaasje wie yn hannen fan aksjegroep Sis Tsiis. Nei't de demonstranten harren sammele hiene op it Saailân, gie it yn in fakkeloptocht troch de stêd. De demonstraasje moat derfoar soargje dat it Frysk wer in folweardich plak kriget op de skoallen.

Bekende Friezen dy't meidiene wiene Wout Zijlstra, Gurbe Douwstra, Nynke Laverman en Gerrit Breteler.

As it ûnderwiis net gau ferbetteret, komt it net goed mei de Fryske taal, fine de aksjefierders.

Bliuwend ynvestearje

De FNP stipet de demonstraasje foar in rommer plak fan it Frysk yn it ûnderwiis fan tongersdeitejûn. Sy sjogge it as stipe yn de rêch foar de polityk om bliuwend te ynvestearjen yn effektyf ûnderwiis. Neffens de partij meitsje sokke aksjes dúdlik dat der in maatskiplik ferlet is. Oant no ta hawwe de wetlik ferplichte lessen Frysk net effektyf genôch west, seit FNP-wurdfierder Corlienke de Jong yn Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
Frysk demonstraasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)