Sleat hat in plak oanwiisd foar de KH2018-fontein

22 des 2016 - 17:21
In ympresje fan hoe't de fontein yn Sleat der mooglik út komt te sjen - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De fontein dy't Sleat krijt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, komt op de hoeke fan Haverkamp en de Koestrjitte, it 'Van der Walplein's, sa't se it dêr neame. De ynwenners fan Sleat mochten der sels oer meibeslisse en de measten fûnen dit it bêste plak. De Fonteinkommisje hie sels earst in oar plak op it each, mar doe't bliken die dat de ynwenners der oars oer tochten, is der in enkête hâlden mei dit as útkomst.

De fontein wurdt tusken de trije en de fiif meter heech en bestiet út jerrycans en amers, mei twa boartsjende bern derop.

Trefwurden: 
KH2018 fontein sleat
(Advertinsje)
(Advertinsje)