Nije fergunning foar de garnalefiskers

Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle © ANP
De garnalefiskers yn de Waadsee en Noardsee hawwe in nije natuerwetfergunning krigen. Mei dy fergunning kinne sy seis jier foarút. Dy tiid kinne se brûke om jild te stekken yn nije en mear duorsume fiskerijtechniken. Eins wolle de garnalefiskers der op ta dat harren ynfloed op de natuer mei de helte ôfnnimt.
De fiskers moatte wol ferplichte in saneamde black box meinimme dy't sjen lit wêr't der fiske wurdt.