Fûgelgryp-ferbod natuergebieten wer opheft

Noarderleech by Hallum © Remco de Vries
De natuerterreinen fan It Fryske Gea dy't ôfsletten wiene fanwege de fûgelgryp, binne wer iepen. It giet om it gebiet 'Noard-Fryslân-bûtendyks', de Peazumerlannen en de Warkumerwaard. Minsken kinne der wer yn, omdat de situaasje ferbettere is.
Der wurde hast gjin deade fûgels mear fûn en de advizen om wetterrike gebieten te mijen binne ynlutsen. Natuerorganisaasje It Fryske Gea freget minsken wol om it te melden oft se trije of mear deade wetterfûgels fine.