Omrop TIP: De krystnachttsjinst by Omrop Fryslân

24 des 2016 - 07:37

Rûnom yn de provinsje wurde op sneon 24 desimber krystnachttsjinsten hâlden. Foar de minsken dy’t net yn de gelegenheid binne dêr by te wêzen stjoert Omrop Fryslân ien fan dy tsjinsten live út. Ek dit jier wurdt ‘Kerstnacht Heerenveen’ wer organisearre yn Sportstêd Hearrenfean. Omrop Fryslân stjoert dat live út.

It is de alfde kear op rige dat de krystnachttsjinst organisearre wurdt yn Sportstêd Hearrenfean. Dit jier is it tema: ‘We are the world’. It bekende liet fan Michael Jackson sil ek op krystjûn te hearren wêze. De Fryske singer-songwriter Elske DeWall is de spesjale gast fan de jûn. De krystnachttsjinst is rjochtstreeks te folgjen fia http://www.omropfryslan.nl/live/krystnachttsjinst. It programma set om 20.00 oere útein.

(advertinsje)
(advertinsje)