Provinsje bout hierhuzen foar starters en en flechtlingen

22 des 2016 - 16:54
In boufakker oan it wurk - Foto: ANP

De provinsje stekt 2,5 miljoen yn de bou fan mear sosjale hierwenten. Der sit wol in betingst oan. De helte fan de huzen is bedoeld foar starters en allinnichsteanden, de oare helte is foar flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning. Omdat der mear fan sokke statushâlders bykaam binne, is der ek mear ferlet fan wenromte.

Troch de eask om foar beide groepen te bouwen, wurde minsken dy't al lang op de wachtlist stean foar in hûs net de dupe, seit de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)