Partij voor de Dieren wol rôffûgelferfolging oanpakke

22 des 2016 - 16:28
Foto: Plysje Fryslân

De provinsje moat de rôffûgelferfolging yn Fryslân oanpakke. Dat fynt de Partij voor de Dieren yn provinsjale steaten. De partij seit dat it kwalik dúdlik is hoe slim it is mei de ferfolging fan rôffûgels. By in spesjaal meldpunt komme wol meldings binnen, mar dat is nei alle gedachten mar it topke fan de iisberch.

Boppedat wurde der ek mar kwalik minsken oanhâlden dy't ferantwurdlik binne foar it deameitsjen fan rôffûgels. Dêrom moat de provinsje maatregels nimme, seit de Partij voor de Dieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)