Kulturele Haadstêd 2018 stipet fleanfjild by Eelde

De provinsje wol gjin jild stekke yn it fleanfjild by Eelde, mar der komt toch foarsichtige stipe út Fryslân. Kulturele Haadstêd hat in manifest ûndertekene dat ûndernimmers oantrúnje moat om it fleanfjild te brûken. De organisaasje fan Kulturele Haadstêd seit dat it fleanfjild by Eelde fan grut belang is foar de ekonomyske ûntwikkeling fan Noard-Nederlân.
Kulturele Haadstêd en de ûndernimmers dy't om it fleanfjild hinne sitte besjogge no wat se foarelkoar betsjutte kinne.