Serviërs socht as fertochten foar de wenningoerfal yn Nes

22 des 2016 - 15:23
Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum) - Foto: Gerwin de Vries

Justysje siket twa Serviërs dy't nei alle gedachten belutsen wiene by in gewelddiedige wenningoerfal yn Nes by Akkrum. In 31-jierrige fertochte út Emmen bliuwt foarearst yn hechtenis. Twa oaren binne frijlitten: in 26-jierrige ynwenner fan Klazienaveen en in 41-jierrige man út Emmen. Sy wurde lykwols noch hieltiten sjoen as fertochten. Dat is tongersdei dúdlik wurden op in pro-forma-sitting. Der wurdt noch folop ûndersyk dien nei de oerfal.

De twa Serviërs soene it slachtoffer mishannele hawwe. Harren identiteit is bekend en der is Europeesk arrestaasjebefel útgien.

Trefwurden: 
oerfal Nes Serviërs
(Advertinsje)
(Advertinsje)