Heksehoeve, Kruidhof en Fries Museum nominearre troch ANWB

22 des 2016 - 15:17

De Heksehoeve yn Appelskea, botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost en it Fries Museum yn Ljouwert binne nominearre foar de titel fan leukste útstapke fan Fryslân. Tsien toeristyske trekpleisters binne nominearre foar in Fryske list troch de ANWB. Dêrûnder binne guon, dy't al faker op de list stiene, lykas it Kameleondoarp yn Terherne en AquaZoo yn Ljouwert, mar ek nije.

Begjin jannewaris wurdt bekend wa't de titel krijt. Ferline jier wie dat it Natuurmuseum Fryslân.

De Heksehoeve en it Klimavontuur, beide yn Appelskea, binne nij yn de top-10. Itselde jildt foar Puur Terschelling yn Easterein op Skylge, likegoed as De Kruidhôf yn Bûtenpost en it Fries Museum yn Ljouwert. Foar de lanlike ferkiezing hat de ANWB 28 útstapkes foardroegen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)