Projekt N381 ek goed foar natuer en rekreaasje

De omjouwing fan de nije N381 wurdt ek oanpakt © Jan Kelderhuis
De oanlis fan de nije dyk de N381 is dan wol klear, mar yn it gebiet dêromhinne wurdt noch hurd wurke. Der wurde ûnder oare nije beplanting, passaazjes foar bisten en rekreaasjerûtes oanlein.
Sa is de Nije Heawei by Wynjewâld weromjûn oan de natuer. De asfaltdyk is ta sânpaad wurden, de bermsleatten binne tichtsmiten en de grûnwetterstream is hersteld. Dat komt ten goede oan de planten en de reptilen. Ek is der in nij kuierpaad mei bankjes oanlein.
Op oare plakken yn de buert wurde ek noch sokke projekten útfierd. In oersjoch fan alle wurk yn de omjouwing fan de N381 is te finen op www.N381.frl.