Eurokommissaris Phil Hogan hat goede hoop foar fosfaatplan

Europeesk kommissaris Phil Hogan út Ierlân is optimistysk oer it slagjen fan it fosfaatreduksjeplan fan de Nederlânske suvelsektor. Hogan hat syn amtners de ynstruksje jûn om posityf nei dat fosfaatplan te sjen.
It plan - in reduksje fan 160.000 kij - moat derfoar soargje dat Nederlân wer ûnder it fosfaatplafond komt. It moat wol in stevich plan wêze en der moat net mear tefolle oan feroarje, sa warskôge Hogan de seal mei achthûndert boeren.
Dizze leden fan boere-organisaasje LTO-Noard wienen tongersdeitemoarn yn Grins foar in byienkomst mei Hogan. Hy woe yn Grins benammen mei gewoane melkfeehâlders en bouboeren prate om te fernimmen wat der libbet yn de sektor. Hogan die dat as tarieding op in nij 'mienskiplik Europeesk lânboubelied' (CAP = Common Agricultural Policy).
Bettere posysje foar boeren
Hogan wol boeren ek in 'bettere posysje' jaan by de priisûnderhannelingen mei de supermerken. De besteande regels wurkje no noch tefolle yn it neidiel fan de boer. De boeren moatte in 'earlike priis' krije foar har produkt. Sy binne de 'boots on the ground' en ûnderhâlde it plattelân. Dêr heart in goeie beleanning by.
Kearnpunten fan it nije Europeeske belied wurde - as it oan Hogan leit - bedriuwsopfolging, duorsumens en minder burokrasy. Boeren en foaral jonge boeren wurde mei klam útnûge om ideeën oan te leverjen foar dat nije mienskiplike lânboubelied.
Geart Kooistra
LTO Noard naam tongersdei ek ôfskie fan Geart Kooistra as lêste foarsitter fan LTO-Fryslân. Hy hat ek betrouwen yn de takomst fan de lânbou. Sjoch foar mear ynformaasje ek ús Europablog.