"Ik denk dat het Brok hier te heet werd onder zijn voeten"

De reaksjes op it foardragen fan Arno Brok as ús nije kommissaris fan de Kening wienen woansdei oer it algemien posityf. Brok is neffens Fryske politisy en kunden in betûft bestjoerder, in ferbiner en in tagonklik man.
Arno Brok is op dit stuit boargemaster yn Dordrecht. Dêr krige er de lêste wike foar it earst serieuze krityk, neidat er in oantal hoarekasaken sletten hat fanwegen oerlêst. Us kollega's fan RTV Rijnmond makken in belrûntsje om te sjen hoe't men yn Dordrecht oer Brok en syn oerstap nei Fryslân tinkt.
De reaksjes wienen ferdield. "Ik denk dat het Arno Brok hier te heet werd onder zijn voeten", seit beswiermakker Mustafa Karasahin. "Hij heeft misschien wel het hazenpad gekozen."
Wethâlder en kollega-bestjoerder Piet Sleeking fan Dordrecht is it net mei Karasahin iens. "Arno Brok is een warme, betrokken en gedreven bestuurder."