AquaZoo Ljouwert krijt trije jonge geelborstkapucijnapen

22 des 2016 - 11:33

AquaZoo by Ljouwert krijt der freed wer in pear nije bewenners by. It giet om 'geelborstkapucijnapen'. Se krije in plakje yn in nij binnenferbliuw. Yn de natuer wurde geelborstkapucijnapen slim bedrige troch de jacht en it ferdwinen fan leefgebiet.

Foar it behâld fan dizze soart is it Europeesk fokprogramma oprjochte. Yn it ramt hjirfan fangt AquaZoo trije jonge mantsjes op. Geelborstkapucijnapen hawwe in giele búk, boarst en skouders. Se binne oerdeis flink aktyf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)