Nijssite Stjoerder.nl hâldt op
De nijssite Stjoerder.nl fan fideo- en fotosjoernalist Jaring Rispens giet út de loft. Rispens hat net genôch tiid om oan de site wurkje te kinnen.
De nijssite begûn 2,5 jier lyn en is foar in grut part yn it Frysk. Sa'n 1000 minsken besjogge de site alle dagen. Rispens giet fierder mei syn foto- en fideoproduksjes.