UPDATE: IM easket 15 moannen sel tsjin bestjoerder Jirnsum

It Iepenbier Ministearje easket 15 moannen selstraf tsjin in 19-jierrige man út Jirnsum. De man soe neffens it IM ek fiif jier lang net mear autoride meie, wêrfan twa jier ûnder betingst.
In man wurdt 'roekeloos rijgedrag' te leste lein yn ferbân mei it deadlik ûngelok. Hy stie tongersdeitemoarn foar de rjochtbank. De doe 18-jierrige bestjoerder hie krekt syn rydbewiis. By it ûngelok op de Reinerswei by Jirnsum kaam in famke fan 14 jier út Aldehaske om it libben.
De jonge ried tsjin in beam. De auto bedarre dêrnei yn de sleat. Njonken it famke en de bestjoerder sieten der noch trije oaren yn de auto. Dy rekken swier ferwûne.
Neffens de offisier fan justysje hat de jonge te hurd riden.
Mem docht har ferhaal
De mem fan it deadlik slachtoffer hat tongersdeitemoarn har ferhaal dien foar de rjochtbank. Se ferwyt de fertochte domdrystens en wol dat hy de heechst mooglike straf krijt. Ek nimt se it de jonge kwea ôf dat er nei it ûngelok nea syn eksús oanbean hat.