SC Hearrenfean moat tûk buorkje om út de soargen te bliuwen

22 des 2016 - 10:54
Abe Lenstra Stadion - Foto: ANP

SC Hearrenfean hat oer it boekjier 2015-2016 in nettoferlies fan sa'n 650.000 euro, dat stiet yn it jierferslach fan de klup. Nettsjinsteande dit ferlies bliuwt de finansjele posysje fan de klup posityf en hat SC Hearrenfean gjin direkte finansjele soargen.

It nettoferlies wurdt ôfskreaun fan it eigen fermogen, dat is no noch sa'n 21 en in heal miljoen euro. Op grûn fan dizze sifers is Hearrenfean troch it KNVB opnij yndield yn kategory III.

Sportyf

Sportyf wie it seizoen 2015/2016 mei in trainerswiksel en in bestjoerswiksel teloarstellend. Uteinlik wie der in tolfde plak en dat wylst pleatsing foar de play-offs foar Europeesk fuotbal it doel wie. En it sportive hat syn wjerslach op de finansjele sitewaasje. Redenen foar it ferlies binne in legere omset, de neiweeën fan de finansjele krisis en djoere húsfêsting. SC Hearrenfean betellet 3,3 miljoen euro oan hier foar it stadion. It iennige foardiel oan it feit dat it sportyf minder giet, is dat der der minder preemjes útkeard binne.

Uth en De Roon

In grut ferskil mei it jier 2014/2015 is dat de opbringst út transfers folle leger is. It ôfrûne jier wiene de transferynkomsten 1,1 miljoen euro. It jier dêrfoar, mei troch de ferkeap fan ûnder oare Mark Uth oan Hoffenheim en Marten de Roon oan Atalanta Bergamo, wie dat noch goed 15 miljoen euro.

Takomst

Oer it rinnende boekjier is it ferwachte nettoferlies 2,9 miljoen euro. Wol SC Hearrenfean net yn de finansjele soargen komme, dan moat der yn de takomst in gedegen finansjeel belied fierd wurde. Sa wurdt der besocht om de omset te fergrutsjen en achter de skermen wurdt der hurd wurke om te besparjen op de húsfêstingskosten. Boppedat is de ferwachting dat de 'kroanjuwielen' fan de klup, Sam Larsson, Jeremiah St. Juste en Arber Zeneli, SC Hearrenfean de nedige miljoenen euro's opsmite sille.

(advertinsje)
(advertinsje)