Aris-spiler Craig O noch oant febrewaris útskeakele

22 des 2016 - 10:38
Craig Osaikhwuwuomwan

Basketballer Craig O fan Aris is noch seker oant febrewaris útskeakele troch in slimme blessuere oan de knibbel. Yn de wedstriid tsjin Den Bosch, it ôfrûne wykein, skeat syn knibbelskiif út de kom en kaam oan de sydkant fan syn skonk telâne. De wedstriid lei in skoft stil en Craig O moast nei it sikehûs om de knibbelskiif wer op syn plak te krijen.

De hersteltiid is rûsd op acht wiken. Op dit stuit is de knibbel noch tsjok, dus nei de krysttiid wurdt der fierder ûndersyk dien.

It stribjen is dat de basketballer ein febrewaris wer yn wedstriden te sjen is.

Trefwurden: 
basketbal Craig O Aris Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)