Heechste Fries stiet op plak 20 op PvdA kandidatelist

22 des 2016 - 10:29
PvdA

Christa Oosterbaan is de heechste Fries op de konsept-kandidatelist fan de PvdA. It riedslid fan Skylge stiet op it 20e plak. Jelmer Staal fan Ljouwert stiet op it 51e plak en Foppe de Haan wurdt listtriuwer.

De Fryske PvdA liet woansdei al witte it spitich te finen dat der net in Fries heger op de list stiet. Grinslân is goed fertsjintwurdige yn de top 10. Henk Nijboer op 7 en âld-fakbûnsbestjoerder William Moorlag út it Grinzer Winsum stiet op plak 9.

(Advertinsje)
(Advertinsje)