Earste 'rede fan Fryslân'

22 maaie 2012 - 15:53

Fryslân moat foar de takomst ynsette op toerisme en rekreaasje. Dêrfoar moat soarge wurde foar in goeie berikberens en moat it marregebiet oantreklik bliuwe. Dat hat direkteur Coen Teulings fan it sintraal planburo tiisdei sein yn de alderearste 'rede fan Fryslân'.

Dy waard hâlden ta gelegenheid fan de offisjele iepening fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Dêrby wie ek keninginne Beatrix oanwêzich. Teulings liet syn ljocht skine oer Fryslân yn 2040.

Neffens Teulings hat it foar Fryslân gjin doel om in foaroansteand plak yn de kennisekonomy te feroverjen, omdat de provinsje dêrby grutte konkurrinsje hat fan de Rânestêd. It Fryske lânskip mei syn greiden en âlde stedsjes hâldt syn wearde, sei Teulings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)