Ynbrekker klimt yn reinpiip mar falt en rekket ferwûne

22 des 2016 - 08:50
Foto: Omrop Fryslân, Abe Visser

In ynbrekker is woansdeitenacht yn Ljouwert ferwûne rekke nei't er fia de reinpiip fan in wenning omheech klom. Hy foel doe't de reinpiip ôfbruts. De 39-jierrige Ljouwerter woe syn slach slaan yn in hûs oan de Spanjaardsleane yn de stêd. By syn klim omheech gie it mis.

De man foel en begong om help te roppen. Hy rekke ferwûne oan syn skonken en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat de saak yn ûndersyk. De Ljouwerter wurdt fertocht fan it besykjen ta ynbraak.

Trefwurden: 
ynbrekker Ljouwert reinpiip
(Advertinsje)
(Advertinsje)