Kollum: "Arno Brok"

22 des 2016 - 08:34

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"We ha yn Nederlân fan takom jier maart ôf twakKommissarissen fan de Kening dy’t iepenlik homo binne. En Fryslân hat ien fan de twa. Dêr bin ik grutsk op.

Der binne in protte redenen om wiis te wêzen mei Brok as kommissaris fan de Kening.

Inkelde kwoots oer Brok: “Hy hat yn 2011 ek de boargemasterspriis wûn / Meneer Brok is een verbinder bij uitstek / Kundige, betûfte bestjoerder / Met een groot netwerk / Ik tink dat it hiel goed nijs is foar Fryslân.”

Mar ik wol it ha oer it feit dat hy homo is. We ha yn Nederlân tolve kommissarissen, en dêrfan is aanst 17 prosint homo: Clemens Cornielje yn Gelderlân en Arno Brok yn Fryslân. Dat is boppe it gemiddelde. Teminsten, dat tinke we.

In stúdzje fan tsien jier lyn liet sjen dat 20 persint fan de minsken in soarte fan homoseksuele gefoelens hat, mar dat mar twa oant trije prosint him- of harsels ‘homo’ neamt. Ik kin noch folle mear sifers neame, want út hast elk ûndersyk komt wer in oar getal. En dat is nijsgjirrich.

Yn de Feriene Steaten is wat hiel bysûnders oan ‘e hân: minsken tusken de 18 en 29 jier sizze twa kear sa faak dat se ‘LHBT’ binne as de groep tusken 30 en 50. Dat is dochs nuver, want de leeftiid hat fansels gjin ynfloed op asto homo bist as net. En toch sizze de jongeren it makliker.

It seit nei alle gedachten wat oer oft minsken ree binne om it te fertellen. Of se it oer harren sels beneame kinne, of der sosjale druk is om dat net te dwaan en of dat se harren der sels foar skamje. Ik ha it op dit plak al earder sein, mar it SCP docht alle jierren in ûndersyk nei de akseptaasje fan homoseksualiteit yn Nederlân, en nei hoe’t it giet mei homo’s. Dêrút docht alle jierren wer bliken dat jonge homo’s, lesbiennen, transgenders en biseksuelen fjouwer oant fiif kear sa faak in poging ta selsmoard dogge as harren leeftiidsgenoaten.

Dit alles fertelt ús wat oer de akseptaasje fan homo’s. 2016 wie it jier wêryn’t in grutte slachtpartij plakfûn yn in homoclub yn Orlando, de grutste terroristyske moardpartij sûnt 9-11 yn Amearika. De akseptaasje is net fanselssprekkend.

Ien fan de saken dy’t wichtich binne om dêr wat oan te dwaan, is goede homo-rolmodellen. En ik bin hiel bliid dat elkenien wêze kin wa’t er wol, dus ik hâld der fan dat der paradysfûgels binne as Gordon, Dolly Bellefleur en Maik de Boer. Neat oan dwaan, mar gelokkich ha we ek hieltyd mear minsken as Boris Dittrich, Winfried Baijens en Ireen Wüst. Dat binne minsken dêr’t it grutte publyk him mei identifisearje kin.

Arno Brok is ek sa'nien. Ik ha hege ferwachtingen. Brok wie yn it ferline belutsen by it COC Ljouwert en krige ea it Roze Pompeblêd - in priis foar ien dy’t him of har ynset foar de emansipaasje en akseptaasje fan LHBT’ers in de provinsje Fryslân. Hy wie lid fan it ynformele selskip fan homoseksuele boargemasters. Dordrecht krige mei him oan it roer in reinbôge-sebrapaad.

Ik fûn 2016 net sa’n fijn jier. Prince is dea. Trump waard ferkiezen yn ‘rigged’ ferkiezingen. Orlando… En oer Syrië sille we it mar net hawwe. Mei ik it sizze? It wie in kutjier. Mar mei Brok yn 2017 as nije kommissaris fan de Kening yn Fryslân sjoch ik it wer hielendal sitten. En it is hjoed al wer in minút langer ljocht as it juster wie!"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)