Brûkbere tips oer Marianne

22 maaie 2012 - 15:06

By de plysje binne oant no ta mear as 50 tips ynkaam oer de moard op Marianne Vaatstra. Dat nei oanlieding fan de útstjoering fan misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries ôfrûne sneintejûn. Yn dy útsjoering komt de plysje mei it senario dat de moardner wierskynlik in bekende wie fan Marianne.

Op de redaksje fan Peter R. de Vries binne yntusken 250 tips ynkaam. De tips geane oer mooglike eigners fan de oanstekker dy't yn it taske fan Marianne fûn is.

Dêrneist geane de tips oer minsken dy't har nei de moard frjemd gedroegen. De plysje ûndersiket alle tips op dit stuit. Der sitte hiel brûkbere tips by, mar it is noch ûndúdlik oft de gouden tip derby sit.

Trefwurden: 
Marianne Vaatstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)